Logboek repetysjes “Tink oan my”

In repetysje yn beelden

Fannewike ha we de earste 48 bledsiden hielendal útsetten en repeteerd.
Utsette betsjut: op welk moment en bij welke tekst fynt in aksje plak. Gean je op dat moment sitten, sjogge je de oare wol oan mei dy tekst of sit je foar je út te staren, rin je fluch of langzaam fan punt a nei b, wanneer precies kom je wer op? En bij alles jildt de fraach: Werom dogge je krekt op dat moment dy aksje?? Want elke aksje hat in bepaald effect en kin de tekst fersterke of just ôfswakke. Mooi no. Sa boeiend en tagelyk yngewikkeld kin toneelspyljen dus wêze.

Tongersdeitejûn ha we ek de folgende 20 bledsiden mei elkoar trochlêzen. Lange stikken tekst moat je eins net gewoan efter elkoar oan sizze, is net boeiend. Jan (regie) adviseert ús om ‘wolkjes’ te setten yn sa’n clause; welke lytsere stikjes tekst yn sa’n grut geheel hearre eins bij elkoar, wer falt eins in adempauze? As dy wolkjes ien kear makke binne, blykt de hiele clause ek nochris makkeliker te learen!

Der is in ferskil yn skreaune toneeltekst en sprutsene toneeltekst. It sit him yn de lêstekens en dan benammen de punten en komma’s. As je de punten en komma’s meinimme yn it sizzen fan de tekst, komt dit faak net natuurlik oer. Advys fan Jan: loslitte, oerslaan, net nei sjen!
Sa wurdt de sin: “Op ‘e rotsen slein. By Madeira. En fan Bob gjin spoar” troch de punten yn trije stikken knipt as je deze oplêze en wurdt it ien lange sin as je die sizze moatte. Dan slaan je gewoan die punten oer.
It liket makkeliker dan it is om in tekst út it boekje op de planken sa te sizzen, dat it hiel naturel oerkomt.
Derom sille we kommende wike oefenje om de punten en komma’s los te litten, sadat de teksten wat minder ‘toneelmatig’ je strot útkommme.
It sil my benije. Oant nije wike.

Janke Cnossen.

P1020414

P1020411

P1020415

 

 

 

 

 

P1020421

 

 

 

 

Maaie, juny, july 2015: de lêskommisje is drok dwaande in leuk stik út te sykjen. It each falt al gau op “Tink oan my”. It blykt lykwols nearne te krijen, wylst it in oantal jierren lyn troch in oare toanielploech spile is. Renske en Anky binne der doe hinne west en foenen it in mooi stik. Neifraach leart dat it net mear spile wurde mei. We bliuwe mei fraachtekens sitten en sykje hurd fierder om in oar stik.
It wol net goed slagje, we lêze wol in 5-tal oare stikken, mar it is it allegear krekt net. Anky lûkt de stoute skuon oan en bellet Marijke Geertsma sels, dy’t seit dat it by de Toneelcentrale te krijen wêze moat! Ja, dat blykt en it mei heus noch wol spile wurde. We binnen derút, dit wurdt it.

Woansdei 2 september sitte we by Anky om ‘e tafel foar in lêsrepetysje. Jinke, dy’t har opjûn hie foar it grutte stik, kondigt oan dat sy tefolle drokte hat yn novimber (û.ô. in pittige studie) en lûkt har werom. Renske, dy’t as foarsitter ek oanwêzich is dizze earste kear, bringt de oplossing: sy wol tóch wol graach meispylje. It probleem is lokkich hiel gau oplost.
De rollen wurde nei eltse tefredenheid ferdield, wernei it hiele stik lêzen wurdt.

Moandei 28 september binne we útein setten mei de repetysje fan it stik “Tink oan my”. It oarspronkelike stik hjit “Denk aan mij” skreaun troch Hetty Heytink. Wij spylje de oersetting fan Marijke Geertsma. It is in pynlik geastige komeedzje foar fjouwer froulje: Renske, Meiny, Anky en Janke.
De regy is yn hannen fan Jan Eekma. Anneke is ynstekster op tongersdei, Johannes op moandei.

Dizze jûn ha we besprutsen hoe elts tinkt dat it decor derút moat sjen. It opsetsje wat derfan makke is, wurdt troch de regisseur mei de decorploech trochpraten.
Iederien hat syn rol trochlêzen en no moatte wy ús om beurten presenteare yn de rolfiguur dy ‘t we ha. Ter plekke meie we betinke út wat foar soarte gesin we komme, wat ús sterke punten binne en úteraard de minder sterke kanten, wat foar opleiding we dien ha, welk berop we útfiere, wat ús hobby’s binne, boargerlike stân, bern of net ensf.
It is soms hilarisch om te hearen wat eltsenien ter plekke betocht hat. Jan hat út elts ferhaal in oantal punten benadrukt, dy’t we brûke moatte om ús rol goed del te setten.
Dernei lêze we de teksten lûdop, werby we goed beseffe moatte hoe ’t je rolfiguur dat sizze sil. Nijsgjirrich!

Moandei 5 oktober hat de regisseur earst mei de decorploech om tafel sitten en dy sjogge de opset fan it decor wol siten. Se sille der sa gau mooglik mei oan de slach!
Wy sette sa goed en kwea as it giet (no, noch net goed natuurlik) de earste sênes op de planken. Der binne in pear by dy’t al knap yn de tekst sitte en sûnder boekje spylje! Natuurlik hâld Johannes as ynstekker de kop der goed bij, want it is om it hutje mutje: “Tekst!” .
Sa’n earste kear binne je sa ûnseker as in puber dy’t nei syn earste skoalfeestje giet. We steane faak te lang en te ticht op elkoar, we rinne nei in oar plak wylst dat net logisch is mei de tekst, we slaan in hurde toan oan wer’t dy sacht en begrypfol wêze moat ensf. ensf.

Tongersdei 8 oktober:
It doarpshús is beset; troch miskommunikaasje hat Johannes de lytse seal net reserveard en wike wy út nei de konsistoarjekeamer. Jan Eekma hat der noch nooit west en stiet al by de famylje Nieuwenhuis op ‘e stoepe…
Johannes hat foar kofje, thee en natuurlik koekjes soarge, hoewol hy earst in pear spilers fersocht hat om kofje mei te nimmen, mar die hienen gjin kofjesetapparaat mear, allinnich in Senseo.
It twadde diel (de folgende 20 bladzijden) wurdt útsetten, mar dat is lestich yn sa’n beheinde romte. Toch kriget iederien wol in idee wat de bedoeling is, neidat de lijnen útsetten binne. De oanwizingen fleane troch de lucht: kinst dat ek wat freonliker sizze, hoe tinkt dyn rolfiguur der en der oer, moast by it tillefoangesprek wol even ‘lústerje’ nei wat de oar te sizzen hat, werom stiesto der, werom seisto dat tsjin har, lit even sjen datst skrikst ensf. ensf.
We binne alle fjouwer hast de hele tiid op it toaniel en beseffe hiel goed dat eins net ien misse kin by de repetysjes dy’t noch komme! Oars kin je eins niks begjinne. By oare toanielstikken kin je yn sa’n gefal in sêne pakke wer’t de ôfwêzige net yn meispilet, mar dat is by dit stik net oan de orde: alle fjouwer moatte we der wêze!
Sa, en no de earste 40 bladzijden yn syn totaal mar ris leare.