Dorpslied

Luisteren

Dorpslied Ysbrechtum

Tekst : D. A. Tamminga
Musyk: T. A. Wiersma
Zang: Breachtakkoard

  1. Dêr ‘t de greiden grienje yn é sinneskyn
    en de tsjerkehôfbeamen widzje op ‘e wyn,
    dêr ‘t de túnen pronkje, giel en brún en read,
    dêr leit myn Ysbrechtum yn syn nije steat.
  2. Dêr ‘t in grêft him slingert om âld Epema
    en de bern noch boartsje en al ‘wille ha,
    dêr ‘t it noflyk kuiert as de sinne sinkt en
    noch stilte wennet wylst de moanne blinkt.
  1. As de keatsbal simmers saait de lânen oer,
    as de flammen lôgje fan ‘t Sintmartensfjoer,
    as de opfeart winters wurdt in glêd baan,
    dan wol ik myn doarpke foar gjin oaren jaan.
  2. Werom soe ik wolle út dat doarpke wei?
    ‘t is it smûkste plakje fan de Fryske klaai.
    Hjir is harmonije tusken âld en nij,
    dêrom lyts Ysbrechtum, hâld ik sa fan dy