It jierlikse hichtepunt foar spilers en bestjoer fan de toanielferiening is natuerlik de útfiering fan it grutte stik op 23 en 24 jannewaris 2015.
Dit jier wine der mar in lyts oantal rollen beskikber. De lêskommisje hie har hert ferlern oan dit stik en nei it sjen fan de útfiering begryp ik dat folslein.
De tragikomeedzje rûn as in trein en de sênes en bedriuwen gongen flot yn elkoar oer. Mar it moaist? Dat wiene foar my de personaazjes en de teksten fan Haye van der Heyden (oerset troch Baukje Stavinga), dy’t dit stik skreaun hat foar Johnny Kraaijkamp. Somtiden seachst Johnny súver rinnen. Prachtich.
Doe’t ik nei ôfrin myn komplimenten joech oan Johannes ‘Johnny’ Greidanus, joech dy oan dat it wol in soad tekst wie om te learen, mar dat de wize wêrop it stik skreaun is, makke dat it net dreech te learen wie. Dat wie te sjen.
Wat wie der noch mear te sjen?
In nijsgjirrich en optwingerich spoek op in skommel, bygelyks.
In “grumpy old man” mei gouden hantsjes en fertriet om it ferstjerren fan syn grutte leafde.
In soere skoansus, dy’t al ploaiend en praktisch kombinearjen in finansjeel feilich plakje siket.
In oprjocht besoarge dochter, dy’t har beynfloedzje lit troch har ex mei de grauwe speknekke.
De ambisjeuze wurkster, ek wol bekend as ‘it totaalpakket’ en ‘de dompteur’.
En last but not least: Claire, it fanke datst bellest (de callgirl), de prostituee dy’t frege wurd foar in hiele grauwe schnabbel.
Tank spilers, crew en regisseur Jan Eekma foar jim hurde wurkjen it ôfrûne skoft. Ik tink dat ik wol foar alle 220 besikers sprekke kin dat we genoaten hawwe fan libben, leafde en relaasjes. Fan oerjirriche ego’s en piemels dy’t om ‘e hoeke komme. Fan glimmende koppen, gersmeanbromfytsen en ingels op skommels.
De jûn fleach foarby. Ik haw no al wer nocht oan de jubileumfoarstelling op 18 april!
DN
Foto’s makke troch Eddy Huisman. Mear foto’s op mijn album.nl