’t Is sa’t falt aan het woord

No is myn beurt foar in stikje foar it toaniel en wat kin ik noch sizze wat  noch net beskreaun  is .

Op it stuit dat ik hjir mei dwaande bin stiet de radio/televisie oan op de aksje Serious Request

En wat is it in feest  dêr yn Ljouwert .Nettsjinsteande  it waer steane dêr in kloft minsken. Prachtich!!  De Friezen kinne grutsk op harren sels wêze.

Sa hoop ik ek dat mei ús útfiering ek een protte minsken komme te sjen. Wy binne ek al moannen dwaande mei  it repetearen en it soe moai wêze as jimme dy  wurdearing  blyke litte troch jimme kommen.

En sa as jimme witte  binne it trije ienakters .Foar elk wat wils,tinkt my.

Wy hawwe it al oer de spilers hân ,mar noch net oer it ljocht en lûd.Dizze technysk betûfte mannen (Hans,Wytze en Durk) binne der no ek elke wike by.

En it docht blyken dat it echt wol swier is om op tiid de knoppen foar de  musyk iepen  te setten en om op tiid it ljocht út te dwaan en de spots oan. En dan hawwe  wy ek noch de mikrofoans, dy’t  wy útteste moatte . Sa mei ik gjin earbellen yn hawwe, want dat hearre jimme hieltiden it tikjen . Koekie mei net te folle blaze ( en dat doch der best wol faak) , Paul mei wer net te lûd roppe ( en dat is wol swier foar him)

En as wy achter it toaniel út it sicht fan de minsken steane ,dan moatte  jo  ek de snút noch   hâlde.( no dat is ek noch swier)

 

 As dit allegearre  goed komt…………….?

Jimme moatte mar komme te sjen  op 17 en 18 jannewaris.

 

Tige wolkom,

 

Jinke.