Toanielselskip “ ‘t Is sa’t Falt ” is al wer drok dwaande mei it winterskoftstik. Dit jier ha we , yn’t plak fan 1 grut stik , trije ienakters útsocht.
Wy spylje:
Werom, in tragikomeedzje fan Freddie Reijenga, spile troch Fred Sterk, Jinke en Jeltsje Zondervan.
In Freonestjinst fan Bas de Haas mei as spilers Trea Meesters, Dineke Nieuwland en Fred Sterk.
Meiny Hummel, Marjan Koster, Anky Jongman, Jantine Nauta, Paul Kuijpers en Johannes Greidanus spylje mei yn it stik: Spoeken bestean net fan Carla Berendse-Schel.
Wy repeteare op tiisdeis en tongersdeis, jûns fan acht oere ôf oant healwei alven yn “it Nije Formidden” û.l.f. Jan Eekma.
It doel is om dizze trije stikken foar jim op te fieren op
FREED 17 JANNEWARIS EN SNEON 18 JANNEWARIS 2014.
Hâld dizze dagen dus frij yn jimme aginda’s en kom it resultaat sjen.
NET STINNE, ALLEGEARRE DERHINNE !!!!!!
Foar mear ynformaasje sjoch op de webside fan Ysbrechtum en\of op www.toaniel-ysbrechtum.nl
Graach oant in oare kear.