In sjongende simmer (8)

Omdat onze columnisten op vakantie gaan of zijn hebben we voor de maanden juli en augustus een ander invulling gekregen van HJD.

 

In publikaasje fan ArtYst

Wa’t  fan Fryske ferskes hâldt moat it Fersepaad ris del fytse. It rint fan Boalsert nei Iens oer it trekpaad lâns de Boalserterfeart. Om de pear kilometer stiet op buorden dy’t ridlik hufterproof binne in fers. Der sitte in tal topstikken tusken. Fan Douwe Tamminga de Ballade fan de Sinteklazepleats en fan Trinus Rimersma it ferhaal oer de kroket dy’t  er iten giet as er noch in oere te libjen hie. Ek it aventoer fan de kikkerts fan Wibren Altena is prachtich. De kweakjende bisten belânje yn in healfolle molkbus en kinne der net útkomme. De iene jout him oer en fersûpt, de oare lykwols docht oars neat as rûntsjes swimmen en wit sa te oerlibjen. Ommers de molke wurdt tsjerne ta bûter!

Op it fersepaad is gjin plakje ynromme foar Jac. van Hattum (1901-1981) Dat is spitich want dizze skoalmaster / dichter dy’t yn Wommels berne waard koe der wol wat fan. Faaks waard er oerslein om’t net it Frysk mar it Hollânsk syn fiertaal wie. Om dy reden heart er eins ek net thús yn it rychje dat hjir de ôfrûne acht wiken brocht waard. Omdat ‘jede Konsequenz zum Teufel führt’ ferbrek ik my lykwols en slút hjir ôf mei in ferneamd ferske fan de soan fan de túnman fan boargemaster Hopperus Buma , broer fan de keatsminnende Freule. Mar dan fansels wol yn in oersetting.

140 pûn

Ik bin Van Hattum en ik wit
dat 140 pûn sa hjit
mar ek dat ik sûnder namme sit
as it libben it lichem ferlit.

 Dan leit, ûnder de namme fan lyk
dy hûndertfjirtich pûn te kyk
mochten jo lâns de kiste rinne
dan sil ik dat sels net fernimme
Da’s frjemd: want wat ik sjoch sjogge jo net
En wat jo wol sjogge, sjoch ik wer net

 Hawar …de 140 pûn
Is noch blier en sûn

 En ik genietsje graach libbens geunst
En om my sels en om de keunst

Hoe mear ik sûp, hoe mear ik yt
Hoemear gewicht Van Hattum hjit.

Hjir einiget ús sjongende simmer. Ik hoopje dat it foldien hat. Miskien dat we oare jier in oar rûntsje meitsje kinne. HJD 

Klik hier voor de voorgaande delen van deze serie