In sjongende simmer (7)

Omdat onze columnisten op vakantie gaan of zijn hebben we voor de maanden juli en augustus een ander invulling gekregen van HJD.

 

In publikaasje fan ArtYst

Fan Longerhou oer Boalsert nei Burchwert, it is mar in hoannestapke. Fansels giet it hjoed oer ien fan de aldergrutsten: Tsjebbe Hettinga, spitigernôch net mear ûnder ús. Hy waard berne net yn de buorren fan it doarpke oan de Boalserterfeart mar op in pleats de kant fan de Burchwerterhoeke út. Ik bin yn it gelokkige besit fan syn alderearste bondel: ‘yn dit lân’ út 1973. It is in wûnderlik wurkje dêr’t net allinnich gedichten yn stean mar ek advertinsjes fan gâns Snitser sakelju (De Hindelooper kamer, De Witte kat, Izerhannel Alkema mar ek de Boekebeurs fan Cees Buster is fertsjinwurdige.) Hettinga koe betoverjende moai foardrage wêrtroch hast elkenien yn de besnijing rekke. Echt maklik tagonklik wie syn wurk net, mar it bijgeande ferske is noch wol te begripen.

Twifel

yn it jier 33 nei Kristus

waerd it earste ljipaei foun

op peaskesnein

mar guon sizze dat

it doe forbean wie

to sykjen.

Nij wike oer it Fersepaad nei Wommels en dan krije ús columnisten wer it wurd.

Klik hier voor de voorgaande delen van deze serie