Ysbrechtum hie oan ien befrijer genôch: op moandei 16 april ried motorordonnance Mac Donald it doarp yn. Der wiene al yn gjin dagen mear Dútskers sjoen en de ferhalen yn it doarp waarden hieltyd spannender: “SE” binne al op ‘e Lemmer, nee, ik ha heard al yn Wâldsein!
Myn kammeraadske siet al gau achterop, sa dryst wie ik yn ‘e fierste fierte net. Ik bin der wol wis fan dat ik it net fierder brocht ha as ‘Hello of Goodbye’. (Nei twa jier Ingelsk!)
Dizze foto, ik haw myn hiele libben net witten dat er bestie, is te finen yn it fotoboek ‘Friesland 1940-1945.
Ik seach him pas nei in tip fan in oar.
Ik wie boekferkeapster fan de krite Apeldoarn. De boeken krigen wy tastjoerd troch de ynkeaper fan it Bûtenbûn, in freon fan ús.
Op in stuit krige ik wer in pakje nije boeken fan him en doe’t ik it iependie, stiek der in bryfke út in boek: ‘Sjuch op side 153’
No, dat wie in hiel aardige ferrassing!!
It doarp yn feeststimming.
It bleau dy dei by dy iene motorrider, al wie der de hiele dei fierder gjin oar praat as ‘Soe er noch werkomme en soene der ek mear komme?’
Mar ien-twa dagen letter seagen wy ús eagen út: in flink stik leger kaam del. Wy ferwachtten allegearre dat se trochride soene nei Boalsert, de Ofslútdyk. Nee, se sochten de finne lyk foar de pastorij út. It stik lân dat troch it doarp brûkt waard by it keatsen en as merkelân, feroare no yn kemping.
Dêr rieden de grutte legertrúks hinne, motor en jeeps foarop. Wat frjemde auto’s, dy jeeps, soks seagen wy noch net earder!
Yn koarte tiid ferriisde dêr in folslein tintekamp, sels in keukentinte! Fansels ûnder grutte belangstelling fan it doarp.
De bern uteraard foaroan. En dat net om dy soldaten ris goed te besjen en de tinten, nee, yn ’t foarste plak om it lekkers!
Dy soldaten hiene wite bôle! In traktaasje nei dat weake guod dat wy al sa lang ieten. En, noch folle lekkerder: snobberij en sûkelade!!! De bern (en wy!) wiene net by de tinten wei te slaan!
Fansels koene wy, grutte famkes, dêr net rinne te biddeljen, mar der waard ús ek wol ris wat oanbean.
Wy hiene in hongerflechtelinkje yn ‘e hûs, in lyts famke út Naarden. No, dy wie net bleu en as se dan wer har beide hantsjes fol hearlikheden hie, draafde se nei hûs en rôp al by de doar: ‘ Mem, nou heb ik weer zo’n goeie!’
Dan toande se de skatten yn har lytse hantsjes: hearlikheden,dêr’t wy allegearre fan meigenietsje mochten.
Ek stikjes sjippe wiene favoryt, koene wy ús teminsten wer ris echt lekker waskje.
In pear dagen hat it neffens my duorre, in koarte rêst foar de soldaten. Dat se dêr ek wol oan ta wiene, wie wol te sjen: yn myn ûnthâld sieten of leine se almeast yn en by de tinten. En oan har gesichten wie har wurgens wol ôf te lêzen.
Yn ús strjitte stiene ek in pear fan dy weinen. Yn ien dêr fan siet in grut part fan de dei in neger. In swarte man, dy hiene wy noch nea sjoen! Meast stie de flesse fuort by him. Ja, oan allegearre wie de oarloch te sjen.
Nei dy pear rêstdagen waard alles wer ynpakt en gong de reis wer fierder, rjuchting Ofslútdyk.
En wie it doarp ûnwennich!
Ary Meintema – Jeltema