In sjongende simmer (1)
In
publikaasje fan
ArtYst
It giet -nei it skynt- net sa goed mei it Frysk. By de âlderein falt it noch wol ta mar ûnder
jonge minsken moat it brûken fan it Frysk slim werom rinne. Mei pake
en beppe wurdt noch wol ‘gewoan’ praten, mar as hja ûnderinoar binne
slacht it Hooghaarlemmerdijks foar master op. Spitich. En hoe de
delgong te kearen is, ik soe it net witte. Faaks is it it bêste om
mar stûf troch te gean mei it brûken fan it Frysk. En sjen litte hoe
moai de taal is en hoe prachtich je yn it Frysk it hert sprekke
litte kinne.
Fan 13 septimber oant 13 oktober fynt op’e nij De moanne fan it Fryske boek plak. As
it in bytsje meisit sil ek by ús yn Ysbrechtum in jûn holden wurde
yn it ramt fan dy boekemoanne. Om de Ysbrechtumers alfêst in bytsje
yn de ‘literêre’ stimming te bringen sil yn de simmermoannen – der
ferskine dan gjin kolumns- op dizze webside wat oandacht skonken
wurde oan de Fryske poëzij. Gjin drege fersen dy’t hast net te
begripen binne, mar tagonklike gedichten dy’t elk benei komme kin.
We sette útsoarte útein mei in fers fan Douwe Tamminga dy’t
jierrenlang yn Ysbrechtum wenne. Oare wike en de wiken dêrnei komme
hieltyd oare skriuwers út ús omkriten oan bar.
Dichters útein
Syn jeugd wie rûzich, hy swalke fier,
De skeane flambard op it wylde hier
In rûch aventoer wie syn iennichst kompas,
Syn hert siet sa heech as syn flodderdas.
Oan syn foarlân as dichter twiiv’le er nea,
Hoe fielde er him útkard ta muzene pea*
Hy rekke op tiid fereale op ien faam
En oars gjin ien, dat hy hat har mar naam.
Hy is earlik troud en al ridlik gau
Loek de muze-soan oan it widzetou.
De skeane flambard, wat fersketten en slop,
Die hied er no nachts as sliepmûtse op.
Sa kaam er yn oansjen by alle wrâld,
De baantsjes rispe er hûndertfâld.
Op ‘e kiesferiening stied er syn man,
De iisklup dêr waard er foarsitter fan.
Foar ‘Doarpsbelang’ hat er syn dieden dien
En sneins is er trou mei it ponkje om gien
Op ‘e holle in blikkene boargerkroan
Sa is de dichter yn earberens stoarn.
Douwe Tamminga, út Leksums, 1945
* ‘muzena pea’ betsjut
soksawat as: ‘de door de godin van de kunst gekuste’
In sjongende simmer (2)
In
publikaasje fan
ArtYst
Fanút Ysbrechtum giet ús reis fierder en wy bedarje oare kant A7 yn Folsgeare. It doarp fan de
bruorren Abma. Ien waard boargemaster, in oar skreau romans en de
jongste waard dichter. Willem- want oer him hawwe it dan- liet in
tsiental bondels út syn pinne floeie. De earsten wienen nochal
kritysk fan ynhâld, letter waard syn wurk wat mylder fan toan. Foar
de bondel “de âlde en de leave hear”krige hy de Gysbert Japixpriis.
Yn it bygeande fers giet it oer de ierdske heit. Yn in pear sinnen
wurdt in helder byld sketst fan in otterdokse klaaiboer. In
fragmint:
fan tolven oant ienen
skytbûtse, grouwe earten ite
en it evangely fan mattheus
docht er in healûre oer
knipperje, wekker wurde mei pineharsens
yn in kertier
patriarchale warskôging oan alle leden
fan it gesin en jammerje oer de to hege fleisrekkens
fan de slachter tsjin ús mem
…….
It bondeltsje stiet sa grôtfol drege wurden dat der leafst trije siden mei annotaesjes
(ferklearrings) opnommen binne. Patriarchaal stiet der ek tusken en
betsjut ‘aartsvaderlijk”. Skytbûtse ûntbrekt, mar dat is sokssawat
as ‘in bultsje stront oer it lân ferdiele.’
Oare wike gean we nei Nijlân.
In sjongende simmer 3
In
publikaasje fan
ArtYst
Yn Nijlân tilt it net op fan de
poéten, alteast my net bekend. It is mear in doarp fan ferneamde
doomnys, ûnderwizers, heechleararen en romrofte politisy fan de CHU.
Mar dat wol net sizze dat de minsken net fan fersen en ferskes
hâlde. Earder it tsjinoerstelde. Tink mar oan Aaipop.
It foel dus net ta om in
Nijlander poëem te efterheljen mar lang om let is my dat dochs
slagge. Yn 1968 ferskynde by it hûndertjierrich bestean fan it
selskip Nut en Nocht in tinkboekje en dêryn stiet in alderaardichst
lietsje fan in sekere W.J.N. En dat koe wolris immen west ha dy’t
him yn medyske rûnten bejoech. En hy koe omraak skriuwe:
It noazemfanke
Oan ‘e bar fan ‘t lytse kroechje
Mei ‘n gesicht sa kâld as stien
‘Siet it stoere noazemfanke
Langer hierren hie net ien.
En in kwastrich noazemfintsje
Pakte it krukje njonken har
“Dy hie nochris nauwe boksen”
Sa’n ien wie oars wol har kar.
Oan ‘e bar fan ‘t lytse kroechje
Seach men ‘t pearke joun op joun.
Mannichien tocht by him sels wol:
“Tsjong, hoe ha s’elkoarren foun”.
Mar de juke box dy spile
Jazz en hot en rock-and-roll
En hja harken nei dy deuntsjes
Makken mannich joun sa fol.
Oan ‘é bar fan ‘t lytse kroechje
Mei ‘n gesicht sa kâld as stien
Siet wer ‘t selde noazemfanke
Mar op ‘e oare kruk… net ien.
‘t Hier wie lang noch – mar wat sútrich
Hja wie wat âldsk al –foar har tiid
En se gong mei alleman nou,
Boksen nau of boksen wiid.
Oare kear oer Blauhûs op nei it leaflike Greonterp
In sjongende simmer 4
In
publikaasje fan
ArtYst
Wa’t in bytsje thús is yn de literatuer ropt fuortdaliks ‘Reve’ as er de namme Greonterp heart.
Begryplik want de folksskriuwer spaande ein sechstiger en begjin
santiger jierren yn it beklokkestuolle doarpke om. Ik soe in soad
oer Reve fertelle kinne want ik bin/wie in leafhawwer fan syn wurk.
Ik kies yn it ramt fan dizze Fryske simmerreis lykwols foar dy oare
Greonterper dichter Gerben Rypma. Ik tink dat de measten him kinne
as de skilder fan it gea en de bisten om Blauhûs hinne. Mar njonken
de kwast hied er ek wol gauris it pinne beet. Yn 1965, twa jier nei
syn dea, joech it Rooms Frysk Boun syn ‘sammele wurk’ út ûnder
de titel “Ik haw myn dreamen hawn en fragen.” It binne meast
prachtige sketsen en dêrfan folget hjir in foarbyld.
Jounbyld
De popelieren sprate wiid en breed
Har skaden oer de droege reed;
De eksters laitsje lûd yn hege tûken;
De faem dy fandelt hagelwite doeken
Fan droegersline, spand fan stam oant stam,
De blauwe skimmel hinget âld en stram,
Op trije skonken en mei hingellippe
By ‘t stek, wêrop de reppe mosken trippe.
Twa hintsjes grabblje om ies yn ‘t reade sân
Ald-Jan komt fan it dau-oerwaarme lân
Mei wurge lea, tobrutsen en forbodde
De rjuchterhân om jelte fan ‘e lodde
De lofter op it piipjend krúsbien lein
Belape kyl om nekke en skouder slein.
Him kleurt sa blier de wjerskyn fan ‘e sinne,
Hoe moedsum-swier syn jountiidsdagen binne.
De fracht fan gouden loften laedt him krom
As kostber lean foar wurk en âlderdom
Nije wike is Allingawier oan bar.
In sjongende simmer 5
In publikaasje fan
ArtYst
Fan Greonterp rint in prachtich fytspaad nei Parregea en dan is it noch mar in eintsje
nei Allingawier. It lytse doarp is grut makke troch Yde Skakel,
dy’t der in museum stifte yn en om in âlde buorkerij (De izeren
ko). As jo dêr noch nea west ha dan wurdt dat hast tiid. Yn elts
gefal gongen busladingen jo foar.
Allingawier kin noch sa lyts wêze, der stean wol twa tsjerken. Op ‘e terp in herfoarme
mei in sealtektoer en efkes bûten de buorren in lyts en
beskieden griffemeard kapeltsje (sis mar). Fryslâns betûftste
dichter ea, Obe Postma fan Koarnwert, hat oer de twa tsjerkjes
fan Allingawier in treflik fers skreaun dat yn dizze simmerrige
net ûntbrekke mei.
Op nei Allingawier
Ik roun troch ‘e finne – hoe fearre de groun-
De klaver bloeide, it lân stie sa skoan; En alles glânze; de loft wie sa klear,
O alles fleur; mar skeind wie de pleats,
– O dy âlde pleatsen, sa gol en froed, |
Dêr leit it doarpke, sa smout yn it beamt, Dat is wol it echte Fryske doarp Mar fromme mannen fan Allingawier Dêr stiet no it keale flinterhûs * Mar feinten, hark! In stoarm komt op! |
Oare wike gean wy dwersoer nei Longerhou
In sjongende simmer 6
In
publikaasje fan
ArtYst
Fan de dochs wol pynlike waarnimming fan Obe Postma gean we oer nei in Boalserter dichter. Hy besjongt ek in tsjerkje yn in lyts doarpke, mar yn dit gefal komt it
godshûs der wat better út nei foaren. It is net de meast ferneamde
Boalserter dichter dy’t it Longerhouster tuorke sketst. Der sil mar
by in bytsje minsken in ljochtsje baarnen gean by it lêzen fan de
namme Johannes Couperus (ek wol Johannes ûnderbroek neamd om’t
er mei tekstyl sútele en de folksmûle no ienris net safolle
fantasije hat.) Syn oeuvre is net grut of better: der is fan him mar
ien tin boekje ferskynd. “Wy hawwe gjin goud”. Sa no en dan komme je
it op rommelmerken tsjin en kin je it foar in pear stoeren besette.
As jim de kâns krije soe ik it mar dwaan. Gjin goud, wol suver.
Longerhou
As hie Gods eigen masterhân
Mei sin en nocht yn ‘t greidelân
Dit lytse doarpke del set,
Dan hie it wier net skoander kind,
Sa moai! As wie ‘t in âlde print
Fan jierren, jierren her.
In tsjerkje mei in stompe toer
Yn gouden gloed fan sinnefjûr
Op in moaie maeitiidsjoun.
En tusken grien en beamguod yn
Blinkt hjir en der in reade skyn
Yn mannich finsterrút.
Sa leit dit doarpke kreas en skoan
In pearel oan in keningskroan
Yn ‘e stilte fan ‘e joun.
Oare kear Burchwert
In sjongende simmer 7
In publikaasje fan
ArtYst
Fan Longerhou oer Boalsert nei Burchwert, it is mar in hoannestapke. Fansels giet it hjoed oer ien fan de aldergrutsten: Tsjebbe Hettinga, spitigernôch net mear ûnder ús. Hy waard berne net yn de buorren fan it doarpke oan de Boalserterfeart mar op in pleats de kant fan de Burchwerterhoeke út. Ik bin yn it gelokkige besit fan syn alderearste bondel: ‘yn dit lân’ út 1973. It is in wûnderlik wurkje dêr’t net allinnich gedichten yn stean mar ek advertinsjes fan gâns Snitser sakelju (De Hindelooper kamer, De Witte kat, Izerhannel Alkema mar ek de Boekebeurs fan Cees Buster is fertsjinwurdige.) Hettinga koe betoverjende moai foardrage wêrtroch hast elkenien yn de besnijing rekke. Echt maklik tagonklik wie syn wurk net, mar it bijgeande ferske is noch wol te begripen.
Twifel
yn it jier 33 nei Kristus
waerd it earste ljipaei foun
op peaskesnein
mar guon sizze dat
it doe forbean wie
to sykjen.
Nij wike oer it Fersepaad nei Wommels en dan krije ús columnisten wer it wurd.
In sjongende simmer 8
In publikaasje fan
ArtYst
Wa’t fan Fryske ferskes hâldt moat it Fersepaad ris del fytse. It rint fan Boalsert nei Iens oer it trekpaad lâns de Boalserterfeart. Om de pear kilometer stiet op buorden dy’t ridlik hufterproof binne in fers. Der sitte in tal topstikken tusken. Fan Douwe Tamminga de Ballade fan de Sinteklazepleats en fan Trinus Rimersma it ferhaal oer de kroket dy’t er iten giet as er noch in oere te libjen hie. Ek it aventoer fan de kikkerts fan Wibren Altena is prachtich. De kweakjende bisten belânje yn in healfolle molkbus en kinne der net útkomme. De iene jout him oer en fersûpt, de oare lykwols docht oars neat as rûntsjes swimmen en wit sa te oerlibjen. Ommers de molke wurdt tsjerne ta bûter!
Op it fersepaad is gjin plakje ynromme foar Jac. van Hattum (1901-1981) Dat is spitich want dizze skoalmaster / dichter dy’t yn Wommels berne waard koe der wol wat fan. Faaks waard er oerslein om’t net it Frysk mar it Hollânsk syn fiertaal wie. Om dy reden heart er eins ek net thús yn it rychje dat hjir de ôfrûne acht wiken brocht waard. Omdat ‘jede Konsequenz zum Teufel führt’ ferbrek ik my lykwols en slút hjir ôf mei in ferneamd ferske fan de soan fan de túnman fan boargemaster Hopperus Buma , broer fan de keatsminnende Freule. Mar dan fansels wol yn in oersetting.
140 pûn
Ik bin Van Hattum en ik wit
dat 140 pûn sa hjit
mar ek dat ik sûnder namme sit
as it libben it lichem ferlit.
Dan leit, ûnder de namme fan lyk
dy hûndertfjirtich pûn te kyk
mochten jo lâns de kiste rinne
dan sil ik dat sels net fernimme
Da’s frjemd: want wat ik sjoch sjogge jo net
En wat jo wol sjogge, sjoch ik wer net
Hawar …de 140 pûn
Is noch blier en sûn
En ik genietsje graach libbens geunst
En om my sels en om de keunst
Hoe mear ik sûp, hoe mear ik yt
Hoemear gewicht Van Hattum hjit.
Hjir einiget ús sjongende simmer. Ik hoopje dat it foldien hat. Miskien dat we oare jier in oar rûntsje meitsje kinne. HJD